Springe nei ynhâld

Freulepartij

Ut Wikipedy
Freulepartij
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
holden ynsportfjild efter it âlde
   gemeentehûs
datum1 wike nei de PC
tiid fan it jierbegjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemintsportevenemint (keatsen)
bestean1903 – no
org. trochKF Wommels (o/m 2016)
St. De Freulepartij (fanôf 2017)
offisjele webside
kfwommels.nl/freulepartij

De Freulepartij [1] is in keatswedstryd dy't alle jierren yn it Fryske doarp Wommels holden wurdt. Der komt elts jier in publyk fan sa'n 4.500 oant 5.000 minsken op ôf. De Freulepartij is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, en is dêrmei de manlike wjergader fan 'e Ald-Meiers Partij yn Hitsum, foar famkes fan dy âldens. It evenemint bestiet sûnt 1903, en wurdt elts jier op in woansdei yn begjin augustus holden, persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer. (De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan july, of, as july mar fjouwer woansdeis hat, op 'e earste woansdei fan augustus.) De woansdeis nei de Freulepartij wurdt yn Jellum-Bears de Revâns-Freule ferkeatst.

De Freulepartij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903.[2] De wedstryd is ferneamd nei frelle (freule) Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't keatsen in sûn tiidferdriuw foar opslûpen jonges fûn. Dêrom stelde hja yn 1902 in flink bedrach oan jild beskikber foar de oprjochting fan in jierliks weromkearende wedstryd yn har wenplak Wommels. Dêrfoar waard se letter eare mei in boarstbyld dat op De Terp stiet, yn it sintrum fan it doarp.

Yn 1943 en 1944 gie de Freulepartij net troch fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.

De organisaasje fan 'e Freulepartij wie mear as 110 jier yn 'e hannen fan 'e Keatsferiening Wommels, mar úteinlik groeide it evenemint sa grut dat men suver mear mei de Freulepartij dwaande wie as mei de saken dêr't in keatsferiening foar bedoeld is. Dêrom waard de organisaasje yn 2017 oernommen troch de nij oprjochte Stichting De Freulepartij Wommels. Dy sette doe útein mei in wiidweidich fernijings- en ferjongingsprogramma dat foar de edysje fan 2018 foar it earst fruchten begûn ôf te werpen.

In loftfoto fan Wommels, mei rjochts njonken de tsjerke it âlde gemeentehûs fan Littenseradiel en dêrefter it sportfjild dêr't de Freulepartij ferkeatst wurdt.

Sa waard it publyk by de yngong fan it sportfjild oan De Keatsebaen tenei wolkom hjitten troch in grut digitaal boadskippeboerd en waarden alle frijwilligers yn in nij tenu stutsen. Ek waard der op 'e jûn fan 'e tiisdei foarôfgeande oan 'e Freulepartij foar it earst in 'Freulekafee' holden yn it Wommelser Kafee It Reade Hynder, dat troch Omrop Fryslân fan 19.00 oant 20.00 oere útstjoerd waard. Ek nij wie dat der yn it skoft foar de finale en nei ôfrin fan 'e keatspartij in optreden wie fan in dweilorkest, yn 2018 fersoarge troch De Menaemer Feintsjes.

Yn 2020 waard de Freulepartij fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy sûnder taskôgers ferkeatst op sneon 19 septimber.

Regels en tradysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferkeap fan tangongskaartsjes begjint neffens de tradysje by Warehûs Van der Velde yn Wommels, dêr't de earste gadingmakkers dan moarns om kertier oer fiven al foar de doar sitte.

Dielname oan 'e Freulepartij stiet iepen foar jongespartoeren fan alle keatsferienings dy't as ôfdielings oansletten binne by it KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule ôffurdigje. De winners ûntfange goudene klokjes en in wikselpriis (de "Freule") dy't nei frelle De Vos van Steenwijk neamd is en bestiet út in miniatuer fan har filla. Jonges dy't de Freulepartij al in kear wûn hawwe, binne dêrnei útsletten fan fierdere dielname, ek al falle se yn 'e jierren dêrop noch binnen de leeftydskategory fan 14 oant en mei 16 jier.

It winnen fan 'e Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes kinne wûn wurde by: de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. It komt mar tige selden foar dat keatsers alle bledsjes fan it Klaverke Fjouwer winne.

Hjirûnder in list mei winners fan 'e Freulepartij.[3]

Datum plak keatsers
3 augustus 1903EasterlittensH. v.d. Feer
Th. v. Buren
S. v. Buren
10 augustus 1904EastereinA. Terpstra
A.H. Dijkstra
M. Bonnema
9 augustus 1905ArumB.K. Tolsma
H. Kuipers
J. Postma
8 augustus 1906FrjentsjerJ.U. Vlietstra
J. Alkema
M. Hiemstra
7 augustus 1907AchlumH. Rollingswier
F.de Jong
J. Alkema
5 augustus 1908AchlumH. Rollingswier
U. Donia
J. Alkema
11 augustus 1909FrjentsjerD. Ferwerda
Anne Smidts
Y. Aukema
17 augustus 1910PenjumJan Reitsma.
O. Postma
J. Dijkstra
9 augustus 1911EastereinJan Ymtes Heeg
L. Bonnema
B. de Haan
7 augustus 1912DokkumG. de Vries
Tj. Hoogeveen
R. Brouwer
13 augustus 1913RaerdW. Oosterhof
H. de Jong
J. de Jong
1914net trochgien fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich
11 augustus 1915HarnsJ. v.d. Plaats
A. van Veen
J. Broersma
9 augustus 1916DokkumK. Toornstra
P. Brouwer
Ids Jousma
8 augustus 1917WytmarsumTaede Zijlstra
J.A. Reitsma
D. Hettema
7 augustus 1918Sint-AnneY. Schuitmaker
J. Schat
R. Kuiken
6 augustus 1919DokkumH. Visser
Klaas Wiebrens Kooistra
P. Ronner
11 augustus 1920WommelsE. de Groot
J. Krips
R. Boersma
10 augustus 1921FrjentsjerChr. v.d. Woude
J. Paulides
S. Haitsma
9 augustus 1922BoalsertC. de Way
S. Kramer
L. Kramer
8 augustus 1923HolwertH. Schaafsma
O. Hiddema
J. Tilstra
6 augustus 1924MantgumJ. de Groot
A. Mulder
H. Jepma
12 augustus 1925WommelsT. de Haas
R. Pagels
A. Tjallema
11 augustus 1926FrjentsjerE. v.d. Schoot
G. v. Smeden
R. Kats
10 augustus 1927PenjumS.R. de Vries
D.L. Hylarides
Tj. Hiemstra
8 augustus 1928Sint-AnneJ. Bijlsma
T. Brouwer
H. de Jong
7 augustus 1929BitgumD. Halbertsma
G. Stienstra
M. Halma
6 augustus 1930ArumL. v.d. Weerd
G. Kuipers
Cornelis Kamminga
5 augustus 1931HarnsB. v. Seijst
F. de Jager
S. v.d. Meer
10 augustus 1932SnitsY. Blom
Sj. Ypma
Sj. Sikkes
9 augustus 1933HuzumY. Swierstra
A. Paassen
B. de Vries
8 augustus 1934LjouwertB. v.d. Woude
P. Dorenbos
R. Keizer
7 augustus 1935BitgumSj.J. Rijpstra
Sj.A. Rijpstra
P. Burenga
5 augustus 1936HarnsG. Braaksma
F. Bouma
F. Helfrich
11 augustus 1937Sint-JabikJ. Terpstra
K. Tjepkema
D. Ganzinga
10 augustus 1938WierK. Wassenaar
W.Wieling
A. Bergsma
9 augustus 1939WeidumF. de Boer
Jan de Groot
B. Venema
7 augustus 1940RaerdP. de Jong
G. de Jong
W. de Boer
6 augustus 1941BerltsumR. Schaafstra
S. Beetstra
H. Rekker
5 augustus 1942MenaamM. Kingma
J. Stienstra
P. Kamminga
1943net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1944
8 augustus 1945LjouwertS. Sevenster
G. Hoving
A. Veldkamp
7 augustus 1946ArumJ. Hiemstra
P. de Groot
J. Tolsma
12 augustus 1947WytmarsumA. v.d. Meer
A.J. v.d. Meer
E.T. Zijlstra
11 augustus 1948ReduzumG. Jonker
F. de Jong
U. Tolsma
10 augustus 1949LjouwertJ. Bijsterveld
A. Wouda
A. Radelaar
9 augustus 1950PeinsH. Gjaltema
E. Faber
P. Boonstra
8 augustus 1951HarnsP. Schuil
P. Dijkstra
H. Bultje
6 augustus 1952FrjentsjerG. Herrema
E. de Boer
W. de Jong
5 augustus 1953LjouwertW. Hulscher
J. Dijkhuis
D. v.d. Zee
11 augustus 1954HarnsJ. Dijkstra
J. v. Straten
S. Helfrich
10 augustus