Springe nei ynhâld

Himrik

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer himrik yn 'e algemiene sin fan doarpsgebiet. Foar it doarp yn Opsterlân, sjoch: De Himrik.

De himrik (Grinslânsk en Eastfrysk Plat: hammerk of hamrik) is it gebiet fan in doarp, benammen it bÝtengebiet. De namme is in gearlÝking fan de Aldfryske wurden "heem of "ham" en "merke". It wurd heem betsjute "wenplak" of "wente" en "ham" betsjutte "oanslike lân yn in bocht fan in wetterrin". "Merke" betsjutte "miene grÝn" of miente of ek wol "ôffrede stik lân yn mienskiplik gebrÝk".

De himriken fan de doarpen yn in gritenij en letter gemeente foarmje meiïnoar de gemeente. Yn de tiid dat it Skeltarjocht gou, fan likernôch de 11e iuw ôf, wie de himrik yn it bysÝnder dat part fan it gebiet dat neffens it Skelterjocht opdield waard. Yn Grinslân en East-Fryslân, benammen yn it Doalertgebiet, krigen nije doarpen dy't yn it bÝtengebiet fan in besteand doarp stifte waarden it efterheaksel -hammerk of -hamrik.

Foarbylden fan it wurd "himrik" yn plaknammen:

Fryslân
Grinslân
East-Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: