Springe nei ynhâld

Literêre krityk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Literatuerkrityk)

Literêre krityk of literatuerkrityk ûntstiet sagau't immen mei arguminten en meastal yn skreaune foarm reagearret op in literêre tekst. Dat kin yn de foarm fan in sinjalemint, in resinsje yn in krante of tydskrift, in lang kritysk artikel yn in tydskrift of yn boekfoarm. De persoan dy't literêre krityk publisearret is in literêr kritikus of literatuerkritikus.

Der wurdt altyd in wearde-oardiel oer de tekst útsprutsen, dat idealiter mei arguminten ûnderboud wurdt. De arguminten kinne ferskille en faak wurde se kombinearre:

  • Estetyske arguminten (Is it ferhaal moai of ferrassend opskreaun?)
  • Morele arguminten (Dogge de personaazjes goede of tsjoede dingen?)
  • Strukturele arguminten (Sit it ferhaal logysk yninoar?)
  • Literêr-histoaryske arguminten (Is it ferhaal fernijend?)
  • Emosjonele/emotive arguminten (Rekket it ferhaal my?)
  • Realistyske arguminten (Is it ferhaal oannimlik?)
  • Yntinsjonele argumenten (Wat is it boadskip?)
  • Stilistyske arguminten (Is de styl en formulearring bysûnder/goed?)

Soksoartige krityk giet fierder as in gearfetting en in wearde-oardiel: hy analysearret en ynterpretearret de tekst en set dy yn in rommer ramt. As de klam op it wurk sels leit, praat emn fan 'ergosintryske krityk' (ferlykje close reading). Wannear't de resensint/kritikus him fral dwaande hâldt mei de persoan en de ideeën fan de skriuwer, praat men fan 'personalistyske krityk'. Dat stiet yn de Nederlânske literatuer bekend as de 'Vorm-of-vent'-diskusje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, Noten en/of Referenties, op dizze side.