Springe nei ynhâld

Onsala

Ut Wikipedy
Onsala
Tsjerke fan Onsala
Tsjerke fan Onsala
Bestjoer
Lân Sweden
LânskipHalland
ProvinsjeHallands län
GemeenteKungsbacka
Sifers
Ynwennertal12.486 (2023)[1]
Oerflak14,43 km²
Befolkingsticht.1.945 ynw./km²
Oar
Postkoade439 xx
Netnûmer0300
Kaart
Onsala (Súd-Sweden)
Onsala

Onsala is in plak yn de gemeente Kungsbacka yn it lânskip Halland yn Sweden.

Yn 'e altfte iuw wie Onsala foar Wytsings in wichtich plak. Dêr't hjoed-de-dei de tsjerke fan Onsala stiet, wie foarhinne in offerbosk. it plak stie bekend as Odens sal (de seal of hal fan Odin). De plaknamme Onsala ferwiist dêrhinne.

Yn 'e rin fan 'e 20e iuw waard it plak populêr by simmerrekreanten en waarden der simmerhûzen boud. Sûnt de jierren 1950 en 1960 waarden in soad frijsteande hûzen byboud. Nei de foltôging fan 'e snelwei fanút Göteborg yn 'e jierren 1970 waarden in protte simmerwenten ferboud foar fêste bewenning. Sûnt dy tiid binne ferskillende kearnen gearfoege ta it hjoeddeiske Onsala.

Tradisjoneel hie Onsala in sterke maritime ynslach. It stie bekend om syn reders en lânhûzen fan kapteins. Hjoed-de-dei is Onsala in typysk forinseplak (pendlersamhälle) foar minsken dy't nei Göteborg of Kungsbacka op en del pindelje.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1990199520002005201020152020
Onsala 5.1766.3526.89311.37511.95112.27512.415
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst fan dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Sweedsktalige Wikipedy, sjoch foar referinsjes se:Onsala