Springe nei ynhâld

Tim Allen

Ut Wikipedy
Tim Allen
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTimothy Alan Dick
nasjonaliteit Amerikaansk
berne13 juny 1953
berteplakDenver (Colorado)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf1975 – 1979 & 1981 – no
prizenGolden Globe 1994
offisjele webside
timallen.com

Tim Allen (artystenamme fan Timothy Alan Dick; Denver (Colorado), 13 juny 1953) is in Amerikaansk komyk en akteur, dy't benammentlik bekend wurden is troch syn rollen yn 'e komeedzjesearjes Home Improvement en Last Man Standing en de films The Santa Clause en Galaxy Quest. Hy fersoarge ek de stim fan it personaazje Buzz Lightyear yn 'e tekenfilms fan 'e Toy Story-searje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tim Allen waard yn 1953 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Colorado, as de soan fan makelder Gerald M. Dick (1923-1964) en dy syn frou Martha Katherine Fox, in maatskiplik wurkster. Hy wie de middelste fan fiif bruorren. Doe't er alve jier wie, kaam syn heit om by in auto-ûngemak dat feroarsake waard troch ien dy't dronken efter it stjoer siet. Twa jier dêrnei wertroude Allen syn mem mei in man dêr't se yn har skoaltiid ferkearing mei hân hie, en dy't tsjin dy tiid in súksesfol sakeman wurden wie. Se ferhuze doe mei har fiif soannen nei Michigan, en loek dêr yn Birmingham, in foarstêd fan Detroit, by har nije man en dy syn trije bern út in earder houlik yn.

Allen gie yn Birmingham nei de middelbere skoalle, dêr't er syn earste ûnderfining op it mêd fan aktearjen opdie by de skoaltoanielklub. Neitiid studearre er oan 'e Universiteit fan Sintraal Michigan, yn Mount Pleasant, mar stapte yn 1974 oer nei de Universiteit fan Westlik Michigan, yn Kalamazoo. Dêr wurke er by it universiteitsradiostasjon WIDR en behelle er yn 1976 in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde mei in spesjalisaasje yn radio- en tillefyzjeproduksje en as byfakken filosofy en design.

Yn 1975 sette Allen útein mei in karriêre as komyk, doe't er nei dêrta útdage te wêzen troch in maat fan him, meidie oan in komeedzjejûn yn in nachtklub yn Royal Oak, in foarstêd fan Detroit. Dêrtroch krige er de smaak te pakken en died er faker mei oan sokke jûnen. Ek wurke er mei oan ferskate reklamespotsjes op 'e regionale tillefyzje. Nei ferrin fan tiid ferfear er nei Los Angeles, dêr't er stand-up comedy begûn te dwaan yn ferskate klubs en ek yn praatprogramma's op 'e tillefyzje. Sa wist er him de hiele 1980-er jierren troch aardich te bedrippen. Hy briek lykwols pas troch doe't er him talei op aktearjen.

Nei eigen sizzen hat Allen in beheind aktearfermogen; yn in fraachpetear seid er: "Ik kin in rol allinnich mar spylje as ik út persoanlike ûnderfining putte kin, en dy boarne kin nuvere hurd opdrûgje." Nettsjinsteande dat rekke er wrâldferneamd mei syn rol as Tim "The Tool-Man" Taylor, yn 'e populêre komeedzjesearje Home Improvement, dy't rûn fan 1991 oant 1999. Mei dy rol wûn Allen in Golden Globe foar bêste akteur, acht People's Choice Awards en ferskate mindere prizen. Syn nije faam late derta dat er ek foar filmrollen frege waard, en sa spile er yn 1994 yn The Santa Clause in man dy't by fersin de krystman om hals bringt en dan sels krystman wurde moat. It wie net in djipdollend ferhaal, mar likegoed waard de film in grut súkses, dat der waarden noch twa ferfolchfilms op makke: The Santa Clause 2, út 2002, en The Santa Clause 3: The Escape Clause, út 2006.

Tim Allen (m.) mei syn mei-akteurs út 'e komeedzjesearje Last Man Standing, Héctor Elizondo (l.) en Christoph Sanders (rj.).

Allen hie ek gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Drew Carey Show, The Larry Sanders Show en Spin City. Fierders spile er ek yn û.m. de Star Trek-parody Galaxy Quest, út 1999, de midlifekrisisfilm Wild Hogs, út 2007, en liende er syn stim oan it personaazje Buzz Lightyear yn 'e tige súksesfolle tekenfilms fan 'e Toy Story-franchise. Fan 2011 oant 2021 wied er wer op 'e tillefyzje te sjen mei de haadrol yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as tsjinspiler fan Nancy Travis. Allen fertolket yn dy searje de rol fan Mike Baxter, in man dy't fan echte manljusdingen hâldt, lykas sport en houthakjen en dingen deasjitten, mar dy't trije dochters hat en himsels steande sjen moat te hâlden yn hûs fol froulju.

Op 2 oktober 1978 waard Allen arrestearre op 'e Ynternasjonale Lofthaven Kalamazoo/Battle Creek om't er goed 650 g kokaïne yn syn bagaazje hie. Neitiid trof er in skikking mei de iepenbier oanklager, wêrby't ôfpraat waard dat Allen oare drugsdealers oanjaan soe en teffens skuld bekenne soe op it mêd fan drugssmokkel. Yn ruil dêrfoar soed er dan in selstraf krije fan trije oant sân jier ynstee fan libbenslang, wat ek ta de mooglikheden hearde. Allen siet dêrnei twa jier en fjouwer moannen út, fan febrewaris 1979 oant juny 1981, yn in tichthûs yn Sandstone, yn Minnesota.

Yn 1997 waard Allen yn Birmingham (Michigan) fannijs arrestearre, diskear om't er dronken efter it stjoer siet. Yn dy saak krige er in jier ûnder betingst en in troch de rjochter oplein ferbliuw yn in ôfkickklinyk foar alkoholisten.

Allen is twaris yn it houliksboatsje stapt. Fan 7 april 1984 ôf wied er troud mei Laura Diebel, mei wa't er yn 1989 in dochter krige dy't Katherine hjit. Hy en syn earste frou giene yn 1999 útinoar, en skieden formeel yn 2003. Op 7 oktober 2006 wertroude Allen yn Grand Lake (Colorado) mei aktrise Jane Hajduk, nei't se al fiif jier mei-inoar omgien wiene. Yn 2009 krigen se in dochter, Elizabeth.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1984Northwest Afternoonhimselsgast
1988Comedy's Dirtiest Dozenhimselsstand-upcomedyregistraasje
1989Rodney Dangerfield: Opening Night at Rodney's Placehimselsstand-upcomedyregistraasje
1989–1992An Evening at the Improvhimselsstand-up comedyshow; 2 ôfl.
1990Tim Allen: Men Are Pigshimselsstand-upcomedyregistraasje
1991Tim Allen Rewires Americahimselsstand-upcomedyregistraasje
1991–1999Home ImprovementTim Taylorfêste rol; 204 ôfl.; yn seizoen 6–8 ek útfierend produsint
Golden Globe foar bêste akteur yn in tillefyzjesearje – musical of komeedzje (1995)
People's Choice Award foar favorite akteur yn in nije tillefyzjesearje (1992)
7 × People's Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur (1993–1999)
4 × Kids' Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur (1994–1997)
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in tillefyzjesearje – musical of komeedzje (1993, 1994, 1996, 1997)
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in komeedzjesearje (1993)
2 × nom. Kids' Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur
1992Hot Country Nightshimsels1 ôfl.
1992–1993Mauryhimselsgast yn praatprogramma; 2 ôfl.
1994–1996Charlie Rosehimselsgast yn in praatprogramma; 2 ôfl.
1994–1997Late Show with David Lettermanhimselsgast yn in praatprogramma; 5 ôfl.
1995Showbiz Todayhimselsgast yn in praatprogramma; 1 ôfl.
1995The Little Picture Showhimsels1 ôfl.
1996The Drew Carey Showhimselsgastrol; ôfl. The Front
1997Soul ManTim Taylorgastrol; crossover; ôfl. Communion Wine and Convicts
1997The Wonderful World of DisneyBuzz Lightyearas stimakteur; ôfl. Toy Story
1998The Larry Sanders Showhimselsgastrol; ôfl. Flip
1998Spin CityRags (hûntsje)as stimakteur; gastrol; ôfl. The Kidney's All Right
1999Modern Marvelshimselsgastrol; ôfl. The Tool Bench: Power Tools
2003These Guysvoice-overtillefyzjefilm
2003Top Speedvoice-over
2004Jimmy Neutron: Win, Lose and KaboomMeldar Primeas stimakteur; tillefyzjefilm
2011–2021Last Man StandingMike Baxterfêste rol; 194 ôfl.; ek útfierend produsint
nom. People's Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjesearje (2017)
2013Toy Story of Terror!Buzz Lightyearas stimakteur; tillefyzjespecial
2014Toy Story That Time ForgotBuzz Lightyearas stimakteur; tillefyzjespecial
2015CristelaMike Baxtergastrol; crossover; ôfl. Last Goose Standing
2015Toy Story at 20: To Infinity and Beyondhimselsdokumintêre
201688th Academy AwardsBuzz Lightyearas stimakteur; spesjale meiwurking oan 'e útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars
2020Reno 911!kommandant fan 'e romtemachtgastrol; ôfl. Space Force
2021–noAssembly Requiredhimselspresintator
films
1988Tropical Snowbagaazjelader
1994The Santa ClauseScott Calvin / de krystmanPeople's Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjefilm
nom. MTV Movie Award foar bêste trochbraakrol
nom. MTV Movie Award foar bêste komyske rol
1995Toy StoryBuzz Lightyearas stimakteur
1997Meet Wally Sparkshimselscameo
1997Jungle 2 JungleMichael Cromwell
1997For Richer or PoorerBrad Sexton
1999Toy Story 2Buzz Lightyearas stimakteur
Annie Award foar bêste stimaktearjen yn in lange animaasjefilm
1999Galaxy QuestJason Nesmith
2000Buzz Lightyear of Star Command: The Adventure BeginsBuzz Lightyearas stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2001Who Is Cletis Tout?Critical Jim
2001Joe SomebodyJoe Scheffer
2002Big TroubleEliot Arnold
2002The Santa Clause 2Scott Calvin / de krystman
2004Christmas with the KranksLuther Krank
2006The Shaggy DogDave Douglas
2006CarsBuzz Lightyear-autostimcameo
2006ZoomJack Shepard / Captain Zoom
2006The Santa Clause 3: The Escape ClauseScott Calvin / de krystman
2007Fired!voice-overdokumintêre
2007Wild HogsDoug Madsen
2008RedbeltChet Frank
2009The Six Wives of Henry LefayHenry Lefay
2010Crazy on the OutsideTommy Zeldaek regisseur
2010Toy Story 3Buzz Lightyearas stimakteur
nom. Kids' Choice Award foar favorite stim yn in animaasjefilm
2010I Am Comichimsels
2011Toy Story Toons: Hawaiian VacationBuzz Lightyearas stimakteur
2011Toy Story Toons: Small FryBuzz Lightyearas stimakteur
2012Toy Story Toons: Partysaurus RexBuzz Lightyearas stimakteur
2012Chimpanzeen.f.t.voice-over by in dokumintêre
2012The Penguin Kingfertellerallinne yn 'e Amerikaansk ferzje
20133 Geezers!Tim
2013Adventures of the Penguin Kingferteller
2017El Camino ChristmasLarry Michael Roth
2018Ralph Breaks the InternetBuzz Lightyearstimcameo
2019Toy Story 4Buzz Lightyearas stimakteur
2019No Safe Spaceshimsels
fideospultsjes
1994Home Improvement: Power Tool PursuitTim Taylor
1999Toy Story 2: Buzz Lightyear to the RescueBuzz Lightyearas stimakteur
2001Toy Story RacerBuzz Lightyearas stimakteur
2010Scene It? Disney Magical MomentsBuzz Lightyearas stimakteur
2010Toy Story 3: The Video GameBuzz Lightyearas stimakteur
2016Disney Magic KingdomsBuzz Lightyearas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.