Alagoas
| Alagoas | ||
| Lokaasje fan Alagoas yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Noardeast | |
| haadplak | Maceió | |
| grutste stêd | Maceió | |
| gemeenten | 102 | |
| gûverneur | Paulo Dantas | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 3.221.128 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 27.830,662 km² | |
| befolkingstichtens | 112,38 ynw./km² | |
| hichte (maks.) | 0 m - 844 m | |
| HDI | 0,684 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | AL | |
| steat sûnt | 1889 | |
| ISO-koade | BR-AL | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.al.gov.br | |
| Kaart | ||
| Gemeente-yndieling fan Alagoas Reade kleur: lokaasje fan Maceió | ||
Alagoas (Portegeesk: as lagoas, "de marren", ferneamd nei twa opfallende binnenmarren) mei de haadstêd Maceió is in dielsteat yn 'e regio Noardeast fan Brazylje. Yn it jier 2022 libben dêr 3.127.511 ynwenners.[2] Mei in oerflak fan likernôch 27.843 km² nimt de steat it 25ste plak yn fan 'e 27 federale ienheden fan it lân. Alagoas is likernôch in tredde lytser as Nederlân (41.543 km²).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alagoas grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Pernambuco, Sergipe en Bahia, en oan 'e Atlantyske Oseaan. Wat oerflak oangiet is it de op ien nei lytste dielsteat fan Brazylje; allinnich Sergipe is noch lytser. De lytste bestjoerlike ienheid fan it lân is it Federaal Distrikt.

Alagoas hat in kustline fan 230 kilometer mei wite sânstrannen. 65 kilometer dêrfan leit yn 'e omjouwing fan 'e haadstêd Maceió. Oan 'e Rio São Francisco op 'e grins mei de dielsteaten Sergipe en Bahia lizze ferskate histoaryske koloniale stêden.
It heechste punt fan 'e steat leit mei 844 m yn 'e Serra Santa Cruz.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan 'e 16de iuw besetten Frânsen it gebiet. Nei't dy yn 1535 troch de Portegezen ferdreaun waarden, kaam Alagoas — dat oant 1817 by it kapteinskip Pernambuco hearde — fan 1630 oant 1654 ûnder it bestjoer fan 'e Nederlânske Westyndyske Kompanjy (WIC). De Portegezen moasten har weromlûke yn it faak sompige binnenlân. Dêrwei fierden se hieltyd wer oanfallen út, oant de Nederlanners it lân definityf ferlieten. It besykjen om in Nederlânsk-Brazylje op te bouwen wie mislearre en waard nea wer oppakt.
Oant 1817 en de Opstân fan Pernambuco (Revolução Pernambucana) tsjin it Portegeeske bestjoer rûn de skiednis fan Alagoas lyk mei dy fan Pernambuco. De deis neidat dy ûnôfhinklikensbeweging op 16 septimber 1817 delslein waard, waard it gebiet ôfskaat fan Pernambuco as it selsstannige kapteinskip Alagoas (capitania independente). De earste eigen gûverneur waard Sebastião Francisco de Melo e Póvoas. Dit kapteinskip bestie yn 'e tiid fan kening Jehan VI oant 1821. Dêrnei waarden de kapteinskippen ta provinsjes omfoarme en ûnder keizer Peter I yn 'e grûnwet opnommen.
Yn 'e tiid fan it Keizerryk Brazylje krige de separatistyske en republikeinske beweging fan 'e Ekwatorfederaasje (Confederação do Equador) fan 1824 de stipe fan foaroansteande persoanlikheden út Alagoas. Yn 1834 krige de provinsje Alagoas in eigen parlemint. By de oprjochting fan 'e republyk yn 1889 waard ek de dielsteat Alagoas (Estado de Alagoas) stifte.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens offisjele sifers fan 'e Brazyljaanske folkstelling yn 2022 fan it IBGE wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan Alagoas as folget:
- Mingde komôf (Pardos): 60,3%
- Blanken (Brancos): 26,8%
- Swart (Pretos): 11,8%
- Lânseigen / Yndianen (Indígenas): 0,8%
- Aziaten (Amarelos): 0,2%
Yn Alagoas meitsje lânseigen folken in lyts, mar kultuer-histoarysk hiel wichtich part fan 'e befolking út. Yn 'e steat binne mear as 10 ferskillende lânseigen groepen erkend, wêrfan de Xukuru-Kariri en de Kariri-Xocó de grutsten binne. Oare lânseigen groepen yn Alagoas binne ûnder oare de Tingui-Botó, Tupinambá, Jiripancó, Karapotó, Katokinn, Tushá en Wassu-Cocal. Dy mienskippen libje fral yn it binnenlân en oan 'e râne fan 'e Rio São Francisco.[3]
| Jier | 1872 | 1890 | 1900 | 1920 | 1940 | 1950 | 1960 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 348.009 | 511.440 | 649.273 | 978.748 | 959.882 | 1.093.137 | 1.271.062 |
| Groei | — | +47,0% | +26,9% | +50,7% | -1,9% | +13,9% | +16,3% |
| Jier | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 | 2022 | |
| Ynwennertal | 1.606.174 | 1.982.591 | 2.514.100 | 2.822.621 | 3.120.494 | 3.127.683 | |
| Groei | +26,4% | +23,4% | +26,8% | +12,3% | +10,6% | +0,2% |
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Stêd / Gemeente | Ynwenners (2022) |
|---|---|
| 957.916 | |
| 234.696 | |
| 93.927 | |
| 60.370 | |
| 71.574 | |
| 58.647 | |
| 59.280 | |
| 52.160 | |
| 51.319 | |
| 51.109 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Populaasje neffens de folkstelling van 2022 | |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oandiel katoliken yn Alagoas is de lêste desennia wat ôfnommen, mar bliuwt noch jimmeroan de grutste religieuze streaming yn 'e steat. Tagelyk is it oanpart fan 'e protestantske tsjerken (benammen evangelyske bewegings) en fan minsken sûnder religy stadich tanommen. Dêrnjonken hawwe Afro-Brazyljaanske tradysjes lykas Candomblé en Xangô in sterke kultuer-histoaryske bining mei de steat.

| Religieuze streaming | Persintaazje (2010) | Persintaazje (2022) |
|---|---|---|
| roomsk-katolyk | 72,2% | 66,4% |
| protestantsk | 18,1% | 21,5% |
| sûnder religy | 8,0% | 10,2% |
| spiritisme | 0,5% | 0,6% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé / Xangô) | 0,1% | 0,3% |
| oare religys / net opjûn | 1,1% | 1,0% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022 | ||
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik bestie mear as de helte fan 'e steat út reinwâld. Dêr is hjoed-de-dei noch mar 6% fan oer.
De steat hat gjin nasjonale parken, mar wol in oantal op steatsnivo beskerme natuergebieten (Área de Proteção Ambiental), dy't foar it behâld fan sawol it Atlantysk wâld (Mata Atlântica) as de drûge Caatinga-natuer krewearje. Bekende natuergebieten binne:
- APA de Murici (mei noch likernôch 6000 ha reinwâld en in oantal endemyske fûgelsoarten)
- APA do Pratagy
- APA do Marituba do Peixe
- APA de Santa Rita
- APA da Serra da Caiçara
Ekonomy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alagoas heart by de earmoedichste regio's fan it lân, al binne de sifers de lêste tiid ferbettere. De tsjinstesektor en yndustry foarmje it grutste part, wylst lânbou (benammen sûkerreid en tabak) ek wichtich is. In grut part fan 'e produksje is foar de eksport. Ek it toerisme lâns de kust is sterk groeid.
It ynternasjonale fleanfjild Zumbi dos Palmares ferwurket in grut tal reizgers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
