Brulee

De Brulee (Ingelsk: Brule of BrulĂ©, Ăștspr.: [bru'le:]; Lakota: SiÄhĂĄĆǧu, Ăștspr.: [si'Ê§Ê°ĂŁ:Êu]) binne ien fan 'e sĂąn substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e SĂ», in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernĂŽch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De SĂ» binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger Ăștfochten, en de Brulee wiene dĂȘr oan kop en earen ta yn behelle.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ingelske namme Brule komt fan it FrĂąnske BrulĂ© (Ăștspr.: [bÊy'le:]), dat fan "ferbrĂąnd" betsjut, yn dit gefal in ferkoarte foarm fan "ferbrĂąnde billen" ("billen" yn 'e sin fan "boppeskonken", net fan "efterst"). De eigen namme fan 'e Brulee, SiÄhĂĄĆǧu, kin nammentlik oerset wurde as "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe". Folkekundigen binne fan tinken dat de namme wierskynlik ĂŽfkomstich is fan in ynsidint wĂȘrby't men op 'e prĂȘrje geandefoets troch in gersbrĂąn flechtsje moast. Mei de Oglala, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Brulee it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de SĂșdlike Lakota neamd.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei libje de Brulee frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe Ă»nbekend, mei't se sĂ»nt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fĂȘst dat de federaal erkende Neder-Brulee SĂ» Stamme (Lower Brule Sioux Tribe) fan it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) yn 'e steat SĂșd-Dakota, mei 3.400 leden, folslein Ășt Brulee bestiet, wylst de Rosebud SĂ» Stamme (Rosebud Sioux Tribe), fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan SĂșd-Dakota, mei 24.000 leden, op in lyts groepke Oglala nei ek Ășt Brulee bestiet. In lyts espeltsje Brulee is fierders lid fan 'e Oglala SĂ» Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan SĂșd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota). Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich sa'n 30.000 Brulee wĂȘze moatte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.
|
