Springe nei ynhâld

Hearlen

Ut Wikipedy
Hearlen
Stedhûs
Stedhûs
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Limburch
Sifers
Ynwennertal87.764 (2026)[1]
Oerflak45,53 km²,
wêrfan wetter: 0,62 km²
Befolkingsticht.1927 ynw./ km²
Hichte112 m
Oar
Ferkearsieren, , ,
Postkoade6411–6433
Netnûmer045
Offisjele webside
heerlen.nl
Kaart
Hearlen (Limburch)
Hearlen
Kaart
Stedhûs
Kaart gemeente Heerlen

Hearlen (Nederlânsk: Heerlen; Limburchsk: Heële) is in stêd en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Limburch. De gemeente is de op trije nei grutste fan Limburch, nei Maastricht, Fenlo en Sittard-Geleen. Hearlen makket diel út fan it bestjoerlik gearwurkingsferbûn Parkstêd Limburch, dêr't sa'n 255.000 minsken wenje. Yn Hearlen wenje 87.764 ynwenners (2026).

Romeinske thermen.

Hoewol't der spoaren binne fan eardere bewenning, begûn de skiednis fan Hearlen goed 2.000 jier lyn mei de komst fan 'e Romeinen. Dy stiften dêr in militêre delsetting mei de namme Coriovallum. Hja bouden ûnder oare in badhûs en hiene dêr in pottebakkerij.

De âldste skriftlike fermelding fan Hearlen, doe skreaun as Herle, datearret út 1065. Yn 'e midsiuwen ûntjoech it plak him stadichoan ta in agrarysk doarp, mei pleatsen en mûnen. In wichtich sintrum wie it 11e- of 12e-iuwske kastiel Landsfort, dêr’t ek de tsjerke stie. Hearlen krige lykwols gjin stedsrjochten en ûntjoech him dêrom lange tiid net ta in stêd.

Oant fier yn de 19e iuw wie Hearlen in frij isolearre doarp. De lânbou wie it wichtichste middel fan bestean en goede ferbiningswegen ûntbrutsen. Dat feroare mei de oanlis fan it spoar. Yn 1896 waard it spoar tusken Sittard en Herzogenrath foltôge. De oanlis wie foaral fan belang foar de eksploitaasje fan 'e stienkoal, dy't Hearlen yn koarte tiid folslein feroarje soe.

Oranje-Nassau I.

Yn 1894 waard úteinset mei de oanlis fan 'e Oranje-Nassau I-myn, dy't yn 1899 yn produksje gie. Letter kamen der noch trije minen by. De mynbou soarge foar in ûnbidige befolkingsgroei: Hearlen gie fan in doarp mei 6.646 ynwenners yn 1900 nei in stêd mei 32.263 yn 1930. Yn in koarte skoft moasten der huzen, skoallen, winkels, in sikehûs en nije diken oanlein wurde. In soad âlde gebouwen waarden dêrom ôfbrutsen.

It mynbouferline bleau noch lang it oansjen fan 'e stêd bepaken. De hege skoarstiennen Lange Jan (138 m) en Lange Lies (155 m) wiene om fierrens te sjen. Nei it sluten fan 'e mi nen binne de measte spoaren fan dat ferline ferdwûn: de stienbulten waarden ôfgroeven of feroaren yn wenwiken en parken, en de koeltuorren en skoarstiennen waarden ôfbrutsen. It skachtgebou fan Oranje-Nassau I is ien fan 'e wichtichste oerbliuwsels.

In bysûnder oantinken oan 'e bloeitiid fan Hearlen is it Glêspaleis, dat yn 1935 yn opdracht fan 'e winkelman Peter Schunck boud waard. Nei jierren fan ferfal en restauraasje waard it gebou yn 2004 wer iepene, no as kultureel sintrum. It Glêspaleis is in ryksmonumint en jildt as ien fan 'e belangrykste 20e-iuwske gebouwen fan Nederlân.

Hearlen leit yn it Bekken fan Hearlen, dêr't de Geleenbeek mei ferskate sydrivieren ûntspringt. De gemeente is langhalich en makket diel út fan 'e Eastlike Mynstreek. Der binne flinke hichteferskillen; it sintrum leit op likernôch 120 meter boppe seenivo.

Troch de stienkoalwinning en de fersprate bebouwing ûntstie in tichtbeboud gebiet dat oergiet yn plakken as Hoensbroek, Brunssum en Landgraaf. Nei it sluten fan 'e mynen binne de measte spoaren dêrfan, lykas de stienbulten, ferdwûn. Op dy plakken kamen bedriuweterreinen en wenwiken. Ek de autosneldiken A76 en N281 hawwe it lânskip fragmintearre.

Kastiel Ter Worm.

Nettsjinsteande dat is it iepen heuvellân op ferskate plakken noch goed te werkennen. Yn it súdwesten leit it dellinggebiet fan 'e Geleenbeek, mei it lângoed Ter Worm en syn kastiel. Troch Hearlen en eastlik fan it sintrum streamt de Caumerbeek, mei op 'e skeanten bosk lykas it Aambos, dat as it stedspark fan Hearlen beskôge wurdt. Ek binne hjir en dêr noch histoaryske pleatsen te finen.

Súdlik fan 'e stêd lizze de buorskippen Benzenrade en Imstenrade en it natuergebiet Imstenraderbos. Eastlik fan 'e Maria-Christinawyk leit de Brunssummerheide, mei ûnder oare de Schrieversheide en Hekseberch, dy't diel útmeitsje fan it Natuerpark Heide. Oare wichtige parken binne it Heidserpark yn it noarden fan Hearlerheide en de Koumenberch tusken Heerlerheide en Hoensbroek.

De gemeente Hearlen bestiet út de stêd Hearlen en it plak Hoensbroek, mei dêrnjonken ferskate buorskippen en wiken.

Nederlânske namme Limburchske namme Ynwennertal 2026
Heerlen Heële 69.029
Hoensbroek Gebrook 18.708

De massale ymmigraasje yn 'e tiid fan 'e mynbou hat de mienskip fan Hearlen bot beynfloede mei grutte gefolgen foar it taalgebrûk. Nearne oars yn Nederlânsk Limburch nimt it Limburchsk sa'n marzjinale posysje yn. It Hearlensk is lykwols noch net ferdwûn. It Nederlânsk dat yn Hearlen sprutsen wurdt, is sterk beynfloede troch it Limburchsk en stiet bekend as Hearlensk Nederlânsk.

De gemeente Hearlen hat in relatyf leech bertesifer en in heech stjertesifer. Dêrtroch hie Hearlen yn 2021, lykas yn 'e jierren dêrfoar, in negative natuerlike befolkingsgroei fan 0,65 prosint.

Stedsreus Lucius.

Hearlen hat in stedsreus dy't him ek bûten de karnavalstiid by bysûndere gelegenheden sjen lit. It inisjatyf dêrta waard yn 1996 nommen mei reus Lucius. Yn 2025 kaam dêr stedsreus Amaka by. Beide symbolisearje ynwenners fan it Romeinske Hearlen, Coriovallum.

  • SCHUNCK* (Glêspaleis): it gemeentlike museum foar moderne en hjoeddeiske keunst;
  • it Thermenmuseum: útgroeven oerbliuwsels fan 'e âlde Romeinske thermen en útstallings;
  • it Nederlânske Mynmuseum: oer de Limburchske koaleminen;
  • Megapool Hall of Fame: Nederlânsk earste en iennichste graffitymuseum;
  • Kastiel Hoensbroek: ien fan 'e grutste en bêst bewarre wetterkastielen fan Nederlân;
  • De Nije Galerij: keunstgalerij yn 'e eardere bibleteek mei wikseljende eksposysjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Dit artikel is foar it grutste part in oersetting fan 'e Nederlânske wikipedyside oer de gemeente, sjoch nl:Heerlen foar oare referinsjes

Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart
· · Berjocht bewurkje