Seeth
| Seeth / Seet | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Seeth (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Nordsee-Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.037 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 13,58 km² | |
| Befolkingsticht. | 57 ynw./km² | |
| Hichte | 5 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25878 | |
| Offisjele webside | ||
| seeth.de | ||
| Kaart | ||
Seeth (Noardfrysk: Seet; Deensk: Sæd) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket gear mei oare gemeenten yn it amt Nordsee-Treene en hat 2.037 ynwenners (2024).
Seeth waard foar it earst neamd yn 1260; de namme fan de gemeente besjut 'delsetting' of 'wenplak'.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seeth leit yn 'e histoaryske regio Stapelholm. Yn 'e midsiuwen hie dy krite in soad te krijen mei swiere oerstreamings, benammen nei it jier 1338. Hjirby binne twa hiele parochys yn 'e legere gebieten ferlern gien: Sankt-Johannes (besuden Schwabstedt) en Dornebüll (súdeastlik fan Süderhöft).
De ynwenners dy't de oerstreamings oerlibben, flechten nei de heger lizzende en feilige sângrûn (de geast). Op dy hegere grûn stiften de flechtlingen nije delsettings; Seeth is ien fan 'e twa doarpen dy't sa ûntstien binne.
Bauernglocke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boereklokken binne klokken yn 'e histoaryske krite Stapelholm brûkt waarden om minsken te warskôgjen by gefaar. Se binne yn 'e krite noch jimmeroan in typysk doarpssymboal. Oars as de measte âlde klokken hingje boereklokken net yn in tsjerketoer, mar yn in houten frame. De oarspronklike boereklok fan Seeth stamt út it jier 1687, de âldste klok fan it gebiet. De klok waard yn 1935 en 2008 ferfongen. By de lêste ferfanging ferhûze de klok nei it hjoeddeiske plak by it doarpshûs.
Berne yn Seeth
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hans Ludwig Sierks (1877-1945), sivyl yngenieur en fersetstrider tsjin it nasjonaalsosjalisme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
